Springe nei ynhâld

Tver

Ut Wikipedy
Tver
Тверь
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Tver
rajon Ostasjkov
Sifers
Ynwennertal 424.912 (2022)
Oerflak 152,22 km²
Befolkingsticht. 2.791,43 ynw./km²
Stêdekloft 773.000
Hichte 146 m
Oar
Stifting 1135
Tiidsône UTC+3
Koördinaten 56° 51' N 35° 55' E
Offisjele webside
www.tver.ru
Kaart
Tver (Jeropeesk Ruslân)
Tver

Tver (Russysk: Тверь) is in stêd yn 'e oblast Tver yn 'e Russyske Federaasje. Tusken 1931 en 1990 stie de stêd bekend ûnder de namme Kalinin (Кали́нин), nei de kommunist Michail Kalinin, dy't tichteby de stêd berne is. Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny krige de stêd de âlde namme werom.

De stêd is ien fan 'e âldste Russyske stêden en leit likernôch 170 kilometer noardwestlik fan Moskou, oan it plak dêr't it rivierke de Tverza yn de Wolga útmûnet.

Tver wurdt yn 'e skiednis foar it earst yn 1127 neamd, sadat de stêd teminsten 20 jier âlder is as Moskou. De stêd wie ynearsten in delsetting fan keaplju en ambachtslju. Al yn 1164 krige Tver stedsrjochten. De lokaasje fuort oan de Wolga soarge foar hannel, mar ek foar striid tusken de Russyske foarstedommen om it yn Tver foar it sizzen te hawwen. Tver wie in westlike foarpost fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal, doe't it yn 1238 troch de troepen fan 'e Gouden Heap ûnder Batû Khan oanfallen en plondere waard. De stêd ferlear lykwols net oan ynfloed en yn 1247 waard ûnder grutfoarst Jaroslav III it foarstedom Tver foarme. Haadstêd fan it nije foarstedom waard Tver en de histoaryske kearn fan 'e stêd wie it kremlyn fan Tver. De geografyske lizzing fan Tver oan in wichtige hannelsrûte dy't Novgorod mei it noardeasten fan Ruslân ferbûn en de relatyf grutte ôfstân foar it gefaar fan de Gouden Heap droegen by oan 'e migraasje fan minsken út oare Russyske gebieten nei Tver. De stêd waard sa yn koarte tiid grutter. Yn 1265 waard it bisdom Tver stifte en sels de alles ferneatigjende brannen fan 1276 en 1282, it lot fan in soad houten Russyske stêden, koene net tefoarren komme dat Tver aloan grutter waard. Oant de opheffing fan it foarstedom yn 'e 15e iuw bleau Tver de haadstêd.

De opstân yn Tver tsjin ambassadeur Sjevkal (16e-iuwsk miniatuer).

Oant Moskou it sintrum fan it feriene Russyske Ryk waard, wie it foarstedom Tver ien fan 'e grutste rivalen fan Moskou yn 'e striid om opfolger te wurden fan 'e grutfoarsten fan 'e Kiëvske Rûs.

Yn 1326 waard Aleksander Michailovitsj grutfoarst fan Tver. In jier letter kaam Sjevkal, de neef fan Uzbek Khan en ambassadeur fan 'e khan, mei in grut gefolch oan. Werom oft de delegaasje nei Tver kaam is net dúdlik, mar Sjevkal sette in skrikbewâld yn tsjin de kristenheid en ferdreau sels grutfoarst Aleksander út syn hôf om dêr sels te wenjen. Al gau gyng it praat dat de prinsen fan Tver fermoarde wurde soene en dat de bewenners fan Tver harren mei geweld bekeare moasten ta de islaam. De bewenners fan Tver klagen ferskate kearen by de grutfoarst oer harren behanneling en fregen om syn beskermjen tsjin it geweld fan 'e Mongoalen, mar Aleksander Michailovitsj doarde net tuskenbeide te kommen en advisearre harren hoek te hâlden. Dat hie fan gefolgen dat it folk op 15 augustus 1327 yn opstân kaam. It slagge de Mongoalen net de opstân del te slaan en it folk weve mei de Mongoalen ôf. Sjevkal, dy mei syn gefolch skûl socht yn 'e kelders fan it paleis, kaam om yn 'e flammen nei't it hôf yn brân rekke. Mei help fan 'e Moskouse prins Ivan Kalita, dy't foardiel út de sitewaasje helle en syn macht sa fergrutte, waard de opstân yn Tver wreed delslein en de stêd waard ferneatige. Aleksanser Michailovitsj spile fan ruten en flechte nei Pskov.

De âldste tsjerke fan Tver, de tsjerke fan 'e Wite Trije-ienheid.

De ûnderdrukking fan 'e opstân betsjutte it begjin fan 'e delgong fan 'e politike ynfloed fan Tver. Dochs bleaune de prinsen fan Tver de stêd fersterkjen. Oant de twadde helte fan 'e 15e iuw waard de stêd noch ferskate kearen oanfallen troch de mongoalske Tataren en Moskou. De rol fan ienmakker fan 'e Russyske foarstedommen wie weilein foar Moskou en yn 'e konkurrinsje mei Moskou ferlear Tver stadichoan syn foaroansteande posysje ûnder de âlde foarstedommen yn Noardeast-Ruslân. Dochs bleau de stêd yn 'e 14e en 15e iuw in kultureel en ekonomysk sintrum en ien fan 'e meast ûntwikkele Russyske stêden, dêr't yn 1475 foargoed in ein oan kaam, doe't, ûnder it regear fan 'e Moskouse grutfoarst Ivan III, Tver troch it grutfoarstedom Moskou anneksearre waard en de lêste grutfoarst fan Tver, Michail Borisovitsj, flechtsje moast nei it gruthartochdom Litouwen. Fan 'e tiid ûnder Ivan IV datearret de âldste noch besteande tsjerke fan Tver, de yn 1564 boude Tsjerke fan 'e Wite Trije-ienheid.

Paleis fan Tver.

Yn 1612 waard yn 'e Tiid fan Unstjoer Tver plondere troch Poalsk-Litouske troepen. De weropbou fan 'e stêd gyng stadich, mar tsjin 'e ein fan 'e iuw hie de stêd syn âlde status as hannels- en ambachtsstêd werom. De stifting fan Sint-Petersburch brocht Tver wer in tiid fan opgong tanksij de geunstige lokaasje tusken de âlde en de nije haadstêd fan Rusân. Nije wiken ûnstiene en yn 1700 waard de earste brêge oer de Wolga boud. Yn 1775 waard mei de Teologyske Akademy de earste hegeskoalle fan 'e stêd stifte. In stedsbrân yn 1763 makke in ein oan 'e foarse groei fan 'e stêd, dy't grutte dielen fan Tver yn 'e jiske lei. Katarina de Grutte liet in weropbouplan meitsje en in rige klassisistyske gebouwen delsette. Ut dy tiid datearret ien fan 'e belangrykste monuminten fan 'e stêd, it yn 1764-1766 troch Matvei Kazakov boude paleis fan Katarina de Grutte. It paleis waard yn klassisistyske styl boud mei barokke eleminten. Tusken it paleis en de Wolga waard in grut park oanlein. It paleis wie ornearre foar leden fan 'e keizerlike famylje dy't fan Sint-Petersburch nei Moskou ûnderweis wiene. Doe't Katarina yn 1767 in reis oer de Wolga makke, besocht hja de stêd.

Yn 1775 waard de sted de haadstêd fan it gûvernemint Tver. De stêd krige yn 1790 syn stedswapen. By de werbou waard om de wichtichste ferkearsader fan de stêd, nammentlik de wei fan Moskou nei Sint-Peterburch, in strang geometrysk strjitteplan oanlein.

De yn 1935 ferneatige Transfiguraasjekatedraal.

Yn 'e 19e iuw profitearre de groei fan 'e stêd benammen fanwegen de oanlis fan it spoar Sint-Petersburch-Moskou. Njonken nije bedriuwen waarden ek skoallen, sikehûzen, ferpleechhûzen en yn 1870 in universiteit stifte. Oan it begjin fan 'e 20e iuw gyng it ynwennertal fan Tver foar it earst oer de 100.000.

Sûnt 1919 krigen alle belangrike strjitten en pleinen yn Tver in nije namme. De bolsjewiken begûnen de striid mei de Tsjerke en konfiskaasje fan tsjerklike besittings. Yn 'e jierren 1920 oant 1930 waarden tsientallen tsjerken, arsjitektonyske monuminten út de 17e oant de 19e iuw, sletten en ferneatige. Benammen de yn 1935 opblaasde fiifkoepelige Transfiguraasjekatedraal út 1689-1696 mei de barokke klokketoer út 1736-1753 wie in grut ferlies foar de stêd. Mei de nije namme Kalinin fan Tver yn 1931 waard de kommunist Michail Kalininin betocht. Yn 1940 waarden by it 30 kilometer fierderop lizzende doarp Mednoje mear as 6.200 Poalke plysjes en kriichfinzenen troch de NKVD fermoarde. Op 17 oktober 1941 folge de besetting fan 'e Dútske Wehrmacht, mar al op 16 desimber 1941 ferovere it Reade Leger yn in operaasje de stêd werom. De besetting en gefjochten om de stêd feroarsaken in soad skea en in grut tal slachtoffers ûnder de befolking. Ta oantinken fan 'e slachtoffers waard nei de Twadde Wrâldkriich in monumint oprjochte.

In opfallend gebou út de nei-oarlochske tiid is de passazjiersterminal oan de haven fan de Wolga, it saneamde rivierstasjon.

Yn 1990 krige de stêd de âlde namme Tver werom.

Stedsrajon Russyske namme Ynwennertal (14.10.2010) Opmerking
(1) Zavolzjski Заволжский 138.029 Betsjutting: 'efter de Wolga' (de hiele lofter kant fan de Wolga)
(2) Moskovski Московский 120.192 Betsjutting: 'Moskouse rajon' (it eastlike diel fan de stêd rjochting Moskou)
(3) Proletarski Пролетарский 91.032 Betsjutting: 'Proletarysk rajon' (fanwegen de fabryk Proletarka, in grutte papierfabryk fan foar de Oktoberrevolúsje)
(4) Zentralni Центральный 54.353 Betsjutting: 'Sintraal rajon' (it histoaryske sintrum en oangrinzgjende stedsdielen)

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 13e oant 16e iuw wie Tver ien fan 'e grutste stêden yn it noardeasten fan Ruslân. Nei de Poalsk-Litouske plonderings rekke de stêd yn ferfal en sakke it tal ynwenners oant likernôch 1.500 (1627). Ek healwei de 19e iuw, de Twadde Wrâldkriich en it tiidrek 1990-2005 brochten de stêd foarse delgong fan it ynwennertal.

Demografyske ûntwikkeling fan Joerjev-Polski fan 1897 oant 2018
Jier 1627 1811 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2019
befolking 1.500 17.500 53.544 108.413 216.131 260.974 345.112 411.548 450.941 408.903 403.606 420.850

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De weropbou fan 'e stêd nei de grutte stedsbrân fan 1763 fûn yn in ier klassisistyske styl plak. Katarina de Grutte hie dêrfoar de ferneamde klassisistyske arsjitekten Carlo Rossie en Matvei Kazakov. Harren arsjitektonyske bydragen oan 'e stêd joegen Tver de namme dat it op Sint-Petersburch nei de moaiste stêd fan it Russyske Ryk wie.

Benammen it stedspaleis fan Katarina de Grutte dat Carlo Rossi en Matvei Kosakov bouwe lieten is it neamen wurdich. Tsjintwurdich is in Keunstmuseum yn it paleis ûnderbrocht. It slot en de binnenstêd fan Tver lûke alle jierren in soad toeristen.

De stêd hat meardere teäters, musea, en monuminten lykas ferskillende tsjerken en katedralen. De Tsjerke fan de Wite Trije-ienheid (1564) is it âldste tsjerkegebou fan 'e stêd. Ek de Pinakoteek fan 'e stêd is it besjen wurdich. It hiele stedssintrum hat in klassisistysk oansjen, ûntwurpen troch de ferneamste Russyske klassisisten.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тверь de:Tver